Dijkstra's út Appelskea krije ferlerne trouring werom

Evert Dijkstra út Appelskea mei himsels in lokkich man neame. Syn trouring, dy't er al tsien jier kwyt wie, waard ôfrûne wykein by it kanaal yn Giethoorn fûn troch in man mei in metaaldetektor. De ring lei 20 sintimeter ûnder de grûn. De eigener fan de ring koe fûn wurde troch in oprop op RTV Oost. Yn de ring stie de namme Tjitske en sawol de ferlovings- as troudatum. De Friezen wisten net wêr't de ring krekt bedarre wie, mar it echtpear stie tsien jier lyn al mei de kemper yn Giethoorn.
"We dachten dat we hem in Duitsland waren verloren en zijn zelf nog teruggegaan om te zoeken. We wisten helemaal niet dat we de ring in Giethoorn waren verloren", sa fertelle de Dijkstra's oan RTV Oost. Dit jier binne se 50 jier troud. No't de ring wer boppe wetter is, wikselet Evert syn oarspronklike trouring wer om foar de ring dy't er letter bymeitsje liet.