Plysje ûntslein foar fersom

18 apr 2012 - 10:34

In 39-jierrige haadagint fan de plysje Fryslân is ûntslein yn ferbân mei plichtsfersom. Ut yntern ûndersyk hat bliken dien dat de haadagint geregeld froulju lestich foel. Fierder hie de man om persoanlike redenen ynformaasje fan plysjesystemen helle en wie hy yn tjinsttiid regelmjittich net berikber.

Yn 2009 wie de haadagint ek al ris de wacht oansein.

Trefwurden: 
plysje plichtsfersom
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)