Ljouwerter wyldpoeper moat noch trije moannen sitte

03 feb 2016 - 22:03

In 48-jierrige Ljouwerter is woansdeitemiddei betrape op wyldpoepen en mei goed trije moannen de sel yn. Plysjeminsken troffen de man oan yn de boskes oan de Archipelwei. Doe't se syn namme yn it systeem opsochten, die bliken dat de man ek noch in finzenisstraf fan 105 dagen iepenstean hie.

Dy moat er no ynlosse. " De komende tijd hoeft hij dus niet de bossages in en kan hij gewoon gebruik maken van een toilet", meldt de plysje Ljouwert op facebook.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)