Harns pakt probleem fan plestik ôffal yn Waadsee oan

03 feb 2016 - 21:39

Plestik sop is ek in probleem yn de Waadsee. Dit jier wurdt der begûn mei it opromjen fan plestik ôffal yn it wrâlderfguodgebiet. Yn de seehaven fan Harns sil in pilot opset wurde om it plestikprobleem oan te pakken.

De ynsamling yn alle havens moat ek better op mekoar ôfstimd wurde. Sa sil der besjoen wurde wa't bestjoerlik ferantwurdlik is om it probleem te bestriden. Dat seit direkteur Hendrikus Venema fan it programma 'Naar een Rijke Waddenzee', in netwurk fan oerheden, ûndernimmers en natoerklups. It measte ôffal komt út de Noardsee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)