Bedriuwen Beintema fallyt

18 apr 2012 - 10:22

De bedriuwen fan kasinomiljonêr Wim Beintema fan Dokkum gean definityf fallyt. Dat komt omdat hy it heger berop tsjin syn fallisemint ynlutsen hat. Dat heger berop soe woansdei om 12 oere tsjinje. Neffens Beintema hat hy mei alle skuldeaskers besocht om ta in akkoart te kommen, mar dat is net slagge. Dêrtroch is in fallisemint net mear foar te kommen.

Beintema is eigner fan diskoteek Quatrebras yn Noardburgum, Brassery Breedstraat yn Dokkum en eveneminteburo Beintema Events. Sa'n 40 personielsleden krije dien.

Neffens Beintema is dat in formele saak en kinne de bedriuwen wol gewoan iepen bliuwe. Foar de hoarekabedriuwen is aardich wat belangstelling, seit kurator Romana Bremer. Beintema kocht de bedriuwen mei in grutte jildpriis yn it kasino.

Trefwurden: 
Wim Beintema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)