"Nijbou slûs en brêgen Koarnwertersân moat prioriteit krije"

03 feb 2016 - 17:27
  • Stikkene brêge by Koarnwertersân

De provinsjes Fryslân, Flevolân, Oerisel en Drinte wolle de nijbou fan de slûs en brêgen fan de Ofslútdyk by Koarnwertersân nei foaren ta helje. Dat skriuwe Deputearre Steaten yn in brief oan minister Melanie Schultz-van Haegen.

Oanlieding foar de brief is de steuring yn de brêgen fan ôfrûne wykein. Dêrtroch koe it ferkear trije dagen lang gjin of minder gebrûk meitsje fan de Ofslútdyk. De brêgen en slûs by Koarnwertersân binne oan ferfanging ta, mar dat wurk stiet oant 2028 noch net yn de Haachske plannen.

De provinsjes komme dêrom no sels mei in finansjeel bod om it wurk foar 2022 klear te krijen. Yn de brief roppe se minister Schultz op om dêr oan mei te wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)