Lytse soarchlokaasjes populêr by minsken mei demintens

03 feb 2016 - 16:57

Der binne hieltyd mear lytsskalige soarchlokaasjes foar minsken mei demintens. Mooglik komt dat om't minsken hieltyd langer thús holpen wurde moatte. Mantelsoargers kinne dat lang net altiten oan, seit Soarchbelang Fryslân. De opfang kin lytsskalich wêze, om't der gjin direksje of administraasje is.

It âlde gemeentehûs fan Wytmarsum wurdt ynkoarten ferboud. De amtners ferhúzje nei Snits en meitsje plak foar sechstjin minsken dy't soarch nedich hawwe. Stichting Alzheimer Nederlân is wiis mei de ûntwikkeling, om't der grut ferlet fan is.

De inisjatyfnimmers ferliene faak sels ek soarch. It Netwerk Dementie Friesland ferwachtet net dat minsken aanst massaal kieze foar de lytse, partikuliere oanbieders, om't it foar in soad minsken net betelber wêze soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)