Provinsje 'Grutsk op 'e romte'

Unike lânskiplike eleminten as terpen en marren goed foar de takomst bewarje. Dat is it doel fan de nije provinsjale nota 'Grutsk op 'e Romte'. Deputearre Hans Konst presintearre de nota woansdei yn it lân by Aegum, op it geografyske middelpunt fan Fryslân.
Yn de nota 'Grutsk op 'e Romte' binne alle unike lânskiplike eleminten yn kaart brocht. De nota is yn it foarste plak ornearre foar amtners en plannemakkers. It doel is om nije plannen oan de nota te hifkjen, om te sjen oft se ek goed yn it lânskip ynpast wurde kinne.
It Fryske plattelân giet net op slot, sa seit Konst, mar hy wol al besykje om fierdere 'ferrommeling' fan it lânskip te foarkommen. 'It Fryske lânskip hat ynternasjonale allure', sa seit de deputearre. 'Dêr wol de provinsje sa goed mooglik op passe.'