Oanbesteging Sintrale As

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân is tiisdei úteinset mei it oanbestegingsproses foar it noardlik part fan de Sintrale As. It giet dan om it stik dyk fan de súdlike kant fan Dokkum oant de rotonde op de hichte fan de ôfslach nei De Westereen.
De ferwachting is dat heal oktober bekend is wa't it wurk útfiere sil. De wurksumheden oan it noardlik part fan de Sintrale As sille begjin takom jier fan start gean en rinne troch oant en mei 2015.