SP: "Fryske polityk mei REC noch wol hurder oanpakke"

03 feb 2016 - 15:24

De warskôging fan de provinsje oan Omrin en it ekstra ûndersyk nei de problemen mei de ôffaloven yn Harns gean net fier genôch. Dat fynt de SP yn Provinsjale Steaten. De partij fynt dat ek de Fryske gemeenten - as oandielhâlder - oan Omrin freegje moatte om it proses te ferbetterjen en de útstjit fan gefaarlike stoffen te ferminderjen.

Tiisdei waard bekend dat de provinsje in twangsom opleit foar de grutte útstjit fan dioksine, dy't yn oktober ferline jier metten waard. De provinsje hat yn totaal fiif oertredings fêststeld.

Fjouwer dêrfan moatte troch Omrin fuortdaliks oplost wurde. Der is ek wat mis mei de mjitapparatuer. Dat moat binnen twa moanne oanpast wurde. As Omrin net oan de betingsten foldocht dan moat it bedriuw de boete of in part dêrfan betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)