Roel Cazemier wurdt boargemaster Krimpenerwaard

Roel Cazemier (links) © ANP
Ald-boargemaster fan Dongeradiel en âld-omropdirekteur Roel Cazemier wurdt boargemaster yn de gemeente Krimpenerwaard. Hy hâldt op ien april op yn syn hjoeddeistige gemeente Dinkelland. Dêr begong er yn 2009, neidat hy ien jier direkteur west hie by Omrop Fryslân.
Cazemier waard koartlyn noch werbeneamd yn Dinkelland, mar fynt sels dat it in moaie kâns is. De gemeente Krimpenerwaard - yn it midden fan de Rânestêd - is twa kear sa grut as Dinkelland. Cazemier wie earder ek al boargemaster yn Ruinerwold en op It Amelân.