Opnij hazzepest yn Súdwest-Fryslân

De wyldbehearienheden yn Fryslân stean op skerp nei't der by in deade hazze yn Súdwest-Fryslân hazzepest konstatearre is. Hoewol't de jagersferiening tinkt dat it gefal op har sels stiet, ropt it bestjoer har leden op om de terreinen om de dei te kontrolearjen op deade hazzen. By fertochte gefallen moatte de hazzen sa gau as mooglik foar ûndersyk nei in bistedokter of it Central Veterinary Institute yn Lelystêd brocht wurde.
It is neffens de feriening wichtich om fertochte gefallen sa gau as mooglik út de natuer te heljen om foar te kommen dat oare bisten, lykas rôffûgels of foksen, de kadavers oanfrette. De feriening hat ek kontakt socht mei kollega's yn Drinte en Oerisel, mar dêr binne gjin fertochte gefallen fûn.