Van Dam: Preemje foar betiid weidzjen fan kij

Steatssekretaris Van Dam fan ekonomyske saken wol mear kij yn 'e greide krije; fan 70 prosint no nei 80 prosint yn 2020. Dêr is ek jild foar. Hy is it iens wurden mei boere-organisaasje LTO oer de ferdieling fan 30 miljoen ekstra jild út Europa foar de boeren.
Boeren dy't de kij foar it meanen fan de earste sneed weidzje litte, kinne dêrfoar in preemje krije fan maksimaal 750 euro. Dêrfoar is hast 4 miljoen euro yn kas.
De maatregel moat greidefûgels helpe. As kij it gers fan it lân frette, hoege je net te meanen. Meanen smyt folle mear risiko op foar greidefûgels as kij. Fierder lûkt de dong dy't de kij achterlitte ynsekten oan en dat is wer fretten foar jonge piken.