Minister Van der Steur rikt sertifikaat út oan De Hemrik

Minister Ard van der Steur fan feilichheid en justysje rikte woansdeitemoarn in spesjaal sertifikaat út oan de bedriuweferiening De Hemrik yn Ljouwert. It sertifikaat hjit 'Continu Samenwerken' en wurdt útrikt oan de partijen dy't meidogge oan dit projekt, dat as doel hat om de feilichheid op it bedriuweterrein te ferheegjen.
De bedriuwen binne dêr al tsien jier súksesfol mei oan de gong, ûnder oaren mei kamera's en surveillânse. De kriminaliteit is dêrtroch dúdlik ôfnommen.