Friese Modelbaan Club moat op syk nei nije lokaasje

03 feb 2016 - 12:02

De Friese Modelbaan Club moat op syk nei in nije lokaasje. 35 jier lang hawwe de treinen fan de Friese Modelbaan Club harren rûntsjes riden yn it klupgebou oan de Gysbert Japicxstrjitte yn Ljouwert. Mar meikoarten is dat oer. De klup moat op syk nei in nije lokaasje, want de eigener hat oare plannen mei it gebou. En dus moatte alle opbouwde lânskippen en spoarlinen ôfbrutsen wurde.

In nij plak fine is noch net maklik. Der is rom 400 kante meter nedich en it mei net al te djoer wêze. En dus kin de klup alle help brûke dy't se krije kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)