Rêdingsboaten yn aksje foar brân yn wettertaksy

03 feb 2016 - 11:53
  • Anna Dorothea rêdingsboat KNRM

De rêdingsboaten fan De Lemmer en Urk binne woansdeitemoarn útrukt foar in melding fan in brân oan board fan in skip op de Iselmar. Al gau die bliken dat it gie om in reekalarm yn de masinekeamers fan in wettertaksy foar meiwurkers dy't wurkje oan de wynmûnen yn de Iselmar.

It skip is op sleep meinaam nei Urk. De fjouwer minsken oan board kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)