Inisjatyffoarstel foar keapsnein yn Drachten

De Suderbuert yn Drachten © Omrop Fryslân, Dirk Baron
De fraksje fan de Eerste Lokale Partij yn de gemeente Smellingerlân komt mei in inisjatyffoarstel om dochs in keapsnein yn Drachten yn te stellen. De fraksje komt mei de moasje nei oanlieding fan de petysje dy't tiisdei oanbean is oan it gemeentebestjoer. Yn dy petysje stie dat in grutte mearderheid fan de ûndernimmers foar in keapsnein is.
Earder hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oanjûn net foar in keapsnein te wêzen. Neffens de fraksje set de gemeente heech yn op kultuer om foar in goed wenklimaat te soargjen, mar heart de keapsnein dêr hjoed-de-dei ek by.