Krityske Earste Keamer stelt behanneling mediawet moanne út

In krityske Earste Keamer hat tiisdeitejûn besletten om de fierdere behanneling fan de mediawet fan steatssiktaris Sander Dekker mei in moanne út te stellen. De senaat hie op stuit al sa'n njoggen oeren oer de mediawet praat. Allinnich de VVD, Dekker's eigen partij, stipe de steatssiktaris folút. Alle oare partijen, ek koälysjepartner PvdA, hiene in soad krityske fragen.
Ferskate partijen binne benaud dat de polityk tefolle ynfloed op de publike omrop kriget. Ek binne der soargen oer de regionale omroppen en Omrop Fryslân.
It beslút om de behanneling in moanne út te stellen kaam ûnder oare fan mediawurdfierder Joop Atsma fan it CDA. Hy wol de steatssiktaris de gelegenheid jaan om alle tasizzings oan de Earste Keamer op papier te setten, sadat de senaat op basis dêrfan oer in moanne fierder prate kin. De steatssiktaris moat yn tuskentiid mei dúdlike konsesjes oan de senaat komme, oars kin er ek yn maart net op in mearderheid rekkenje, warskôge Atsma.
Foarearst gjin RPO
It útstel betsjut dat Dekker foarearst noch gjin RPO, de lanlike organisaasje foar alle regionale omroppen, oprjochtsje kin. Troch dat útstel sil it noch dreger wurde foar de regionale omroppen om mei yngong fan 2017 mei-inoar 17 miljoen euro te besunigjen. Dekker sei tiisdei ta dat hy de regionale omroppen hjiryn temjitte komme sil.
Bestjoersakkoart oer Omrop
Dekker sei ek ta dat hy meikoarten wer mei de provinsje Fryslân prate sil oer Omrop Fryslân. Neffens Dekker moatte dizze petearen liede ta in bestjoersakkoart oer media, dat taheakke wurde kin oan it Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. De positive yntinsje betsjut net dat Dekker en deputearre Poepjes der al hast út binne. Dekker wol benammen ôfspraken meitsje oer de kontinuïteit fan programma's, mar fielt net folle foar bestjoerlike selsstannichheid foar Omrop Fryslân. De provinsje Fryslân - en ek de Freonen fan Omrop Fryslân - stribje krekt nei bestjoerlike selsstannichheid. Yn de Earste Keamer wie tiisdei in soad sympaty foar dat strjibjen.