Omrin makket beswier tsjin twangsom fanwege ôffaloven

Omrin makket beswier tsjin in tal punten dy't de provinsje it bedriuw ferwyt as gefolch fan de steuring fan ferline jier oktober yn de ôffaloven yn Harns.
Neffens direkteur John Vernooij wie der sprake fan oermacht. De meiwurkers hawwe der alles oan dien om de effekten sa lyts mooglik te hâlden. "Het is niet fair om dat aan te rekenen", sa lit er yn in reaksje witte. De provinsje hat in twangsom fan maksimaal 615.000 euro oplein oan de ôffalferwurker nei oanlieding fan de steuring en hegere dioksine-útstjit.
Omrin hat ûnderwilens oanpassingen dien yn de hope dat sokke problemen net wer foarkomme.