Jong Hearrenfean wint by Jong VVV/Helmond Sport

02 feb 2016 - 21:31

Jong Hearrenfean hat tiisdeitejûn de útwedstriid tsjin Jong VVV/Helmond Sport mei 2-0 wûn. In sterker Hearrenfean kaam yn de 27e minút op foarsprong troch in moai skot fan Rewan Amin. Luciano Slagveer ferdûbele noch foar it skoft de foarsprong op oanjaan fan Luka Zahovic. Yn de twadde helte bleau de ploech fan trainer Johnny Jansen de bettere, mar de kânsen waarden net mear fersulvere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)