Ierappels bringe dichters byinoar op Malta

02 feb 2016 - 21:04

De Fryske dichters Janneke Spoelstra en Hein Jaap Hilarides hawwe nei Malta ta west foar in moeting mei Malteeske dichters. Dat wie yn it ramt fan it projekt Potatoes Go Wild fan Ljouwert Kulturele Haadstêd en de Bildtse Aardappelweken. Fryske en Malteeske gedichten wurde al in skoft mei de poatierappels út Fryslân nei Malta stjoerd, en mei de konsumpsje-ierappels fan Malta nei Fryslân.

De Fryske dichters hawwe mei Malteeske kollega's op ferskate eveneminten gedichten foardroegen en in dichtworkshop op in skoalle jûn.

Fierders hawwe se op besite west by ien fan de ierappelfjilden by it doarpke Qrendi. De haadstêd fan Malta, Valletta, is lykas Ljouwert yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa. Ljouwert en Valletta dogge dêrom ferskate projekten mei-elkoar.

Sjoch foar it langere ferhaal mei fideo's op www.finsteropfryslan.frl. Finster op Fryslân is in gearwurking tusken Fryske media. Op dit digitale platfoarm wurde ferhalen byinoar brocht dy't te krijen hawwe mei Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)