Minder wenningynbraken yn Smellingerlân

02 feb 2016 - 20:39

Der wurdt minder ynbrutsen yn huzen yn de gemeente Smellingerlân. Dat docht bliken út sifers dy't troch de gemeente bekend makke binne. Waard der yn 2014 127 kear ynbrutsen, ferline jier wie dat 71 kear.

Neffens de gemeente hat de delgong te krijen mei de gearwurking tusken gemeente en plysje. Der is mear minskkrêft op set en mear foarljochting jûn. Ek binne yn guon buerten saneamde WhatsApp-groepen oprjochte. Bewenners stjoere inoar in berjochtsje as se wat fertochts sjogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)