Túnsintrum Wytmarsum wint lanlike priis foar krystshow

02 feb 2016 - 19:51

De krystshow fan Groencentrum Witmarsum is útroppen ta de bêste fan Nederlân. Tritich túnsintra út hiel Nederlân wiene foar de titel foardroegen. De priisútrikking fan 'De beste kerstshow van Nederland 2015' waard dien yn Frankfurt. Dêr wie de ôfrûne dagen de beurs Christmas World. Undernimmers kamen dêr byinoar om guod út te sykjen foar de folgjende krystshow yn harren túnsintrum.

It túnsintrum yn Wytmarsum hie ôfrûne krysttiid in iishotel boud mei seis keamers dy't elk wer oars ynrjochte wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)