Fries Museum wol Saskia-skilderijen Rembrandt ha foar KH2018

02 feb 2016 - 18:07
  • Portret Saskia Uylenburg

It Fries Museum besiket skilderijen fan Rembrandt foar in útstalling nei Ljouwert te heljen. It giet om in kolleksje skilderijen dy't Rembrandt makke fan syn Ljouwerter frou Saskia. Se hingje yn it Ryksmuseum yn Amsterdam. Fries Museum-direkteur Kris Callens wol se yn it Kulturele Haadstêdjier 2018 nei Ljouwert bringe.

Fan 'e wike waard bekend dat de twa Rembrandts dy't de Nederlânske steat dielt mei Frankryk, definityf net op toernee by de provinsjale haadstêden del gean. Dat soe te djoer wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)