Buert fynt dat Heechterp wól foarútgien is

02 feb 2016 - 17:04

It wykpanel fan de Heechterp/Schieringen is it net iens mei in rapport fan it ministearje fan Ynlânske Saken. De leefberens yn de Ljouwerter wyk soe noch hieltyd net goed wêze. Yn 2008 joech minister Vogelaar it startskot foar in opknapplan fan wyk.

Foarsitter Fridus van den Berg fan it wykpanel fynt dat der wol ferbettering is. Sa wurde der in soad aktiviteiten organisearre yn it wyksintrum, is der in fruittún en in buerttún oanlein en kinne minsken wurkûnderfining opdwaan yn in eigen wurkplak.

Van den Berg jout wol oan dat de leefberens noch mear ferbetterje kin. Dêrfoar moat neffens him in soad ynvestearre wurde. De gemeente Ljouwert en de wenningkorporaasjes binne op it stuit oan it sjen hoe't se mear foarútgong boeke kinne.

Feiligens

Ut it rapport komt ek nei foarren dat de feiligens yn Heechterp/Schieringen noch hieltyd soarchlik is. It tal geweldsmisdriuwen is de lêste jierren ôfnaam, mar de wyk sit noch hieltyd boppe it gemiddelde fan Ljouwert en de oare Vogelaarwiken yn Nederlân. Sa wiene der yn 2014 per 1000 ynwenners 16 geweldsmisdriuwen. Yn 2012 lei dat oantal noch op 22 geweldsmisdriuwen.

Net allinnich Heechterp/Schieringen sit yn Ljouwert net op it beëage nivo. Ek de twa omlizzende wiken Yndyske Buert en de wyk Welgelegen binne neffens it rapport swak oant ûnfoldwaande.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)