Beslút opheffing Boarnsterhim

17 apr 2012 - 22:16

De gemeenterieden fan Súdwest-Fryslân, Skartsterlân, Hearrenfean, Ljouwert en Boarnsterhim binne tiisdeitejûn akkoart gien mei de weryndieling fan Boarnsterhim. It foarstel wurdt no oan de provinsje foarlein. Tsjin de weryndieling binne amper beswieren yntsjinne. Súdwest-Fryslân krijt Raerd, Dearsum, Poppenwier, Tersoal en Sibrandabuorren. Grou en alles noardlik fan it Prinses Margrietkanaal komt by Ljouwert, it súdeastlik part giet nei Hearrenfean. Op Terherne nei, dat giet mei Skarsterlân nei de nije gemeente Friese Meren.

Op 1 jannewaris 2014 hâldt Boarnsterhim op te bestean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)