Twadde Keamer fersmyt moasjes oer âld-militêr Jitse Akse

02 feb 2016 - 15:53

De Twadde Keamer hat twa moasjes oer âld-militêr Jitse Akse út Ljouwert fersmiten. Akse waard koartlyn troch it Iepenbier Ministearje oanhâlden op fertinking fan it deadzjen fan IS-striders yn Noard-Syrië.

Keamerlid Bontes woe dat it IM de Ljouwerter net langer ferfolgje soe. Syn moasje waard allinnich troch de PVV stipe. Ek in moasje fan Bontes foar in bettere beskerming fan Jitse Akse helle gjin mearderheid. Neffens Bontes is Akse yn gefaar brocht troch it besút om him te ferfolgjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)