Gjin megasupers Fryslân

17 apr 2012 - 21:56

De komst fan in mega-supermerk nei Fryslân liket fan de baan. Fan de provinsje mei allinnich yn Ljouwert sa'n grutte supermerk komme. Mar it gemeentebestjoer hâldt no de komst fan it Dútske Famila nei winkelpark De Centrale tsjin. Neffens wethâlder Henk Deinum smyt sa'n supermerk de stêd net in soad op en kostet oanpassing fan de diken foar ekstra drokte sa'n 2 miljoen euro. Fierder is de kâns grut dat oare ûndernimmers yn de stêd minder omset draaie soene. De Centrale kin noch útwreide wurde mei 42.000 m2. De Famila woe 47.000 m2 grut wurde.

Trefwurden: 
Centrale Famila megasuper
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)