Nij deklaraasjesysteem besparret soarchferlieners soad tiid

02 feb 2016 - 14:42

Fryske soarchferlieners binne tenei minder tiid kwyt oan it deklarearjen fan soarchkosten by gemeenten. De 24 gemeenten, soarchoanbieders en soarchfersekerder De Friesland hawwe ôfspraken makke oer de wize fan fakturearjen. Alle ynstânsjes wurkje tenei mei deselde administrative koades.

Neffens De Friesland bliuwt dêrmei mear tiid en jild oer foar de soarch sels. Soarchoanbieders lykas thússoarch moasten somtiden wol 23 ferskate koades brûke.

Noch net alle gemeenten binne oer op it nije systeem, mar se hawwe wol oanjûn dit yn de rin fan it jier te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)