Cambuur hat finânsjes goed op oarder, oardielt KNVB

© ANP
Fuotbalbûn KNVB hat de finânsjes fan SC Cambuur op 'e nij yn kategory trije yndield. Dat betsjut dat de Ljouwerter klup finansjeel stabyl is. Dochs is Cambuur noch net skuldefrij, seit algemien direkteur Ard de Graaf. Op it stuit stiet Cambuur noch foar 2 miljoen euro yn de reade sifers.
Dêrmei is de skuld al in flink stik werombrocht, mar De Graaf wit ek dat der noch in soad wurk te dwaan is. Dêrby is de beoardieling fan de KNVB wol in sinjaal dat de Ljouwerters finansjeel goed op wei binne, fynt De Graaf.