Aksje foar stúdzje Frysk

Bibleteekboeken © ANP XTRA
It Frysk moat as selsstannige stúdzjerjochting oan de Ryksuniversiteit fan Grins bestean bliuwe. Dat fine Earste Keamerleden fan de SP, de Unôfhinklike Senaatsfraksje en de partij Vijftig Plus. Mei yngong fan septimber soe de universiteit it Frysk ûnder bringe wolle by Europeeske talen en kultueren. Dan soe der ien dosint Frysk oerbliuwe. Dat is gjin folweardige oplieding mear, fine de trije Earste Keamerfraksjes en dat is yn striid mei ôfspraken oer it ynstânhâlden fan it Frysk.
Se easkje dat minister Van Bijsterveldt soarget dat it Frysk as stúdzjerjochting bliuwt.