Undernimmers yn Drachten binne massaal foar keapsnein

02 feb 2016 - 12:16

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân sil op 'e nij te set oer de keapsnein yn Drachten. Oanlieding is in petysje dy't ûndernimmers tiisdeitemoarn oanbean hawwe. Derút docht bliken dat 92 fan de 102 winkeliers yn it sintrum fan Drachten foar in keapsnein binne.

Acht binne der op tsjin en twa hawwe gjin reaksje jûn. It kolleezje hat earder sein tsjin it ynfieren fan in keapsnein te wêzen.

Dochs wolle de wethâlders fan de koälysjepartijen de útkomsten fan de petysje beprate mei harren fraksjes om dêrnei yn petear te gean mei de gemeenteried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)