Omrop lûkt rekôroantal besikers op webside en app

Noch nea earder lutsen de webside en app fan Omrop Fryslân safolle besikers as yn de earste moanne fan 2016. It rekôroantal besikers yn jannewaris komt foaral troch de izel dy’t it iepenbiere libben yn Fryslân folslein plat lei.
Oer hiel jannewaris waarden de websides en app fan Omrop Fryslân mei-inoar 3,5 miljoen kear besocht. Ek lutsen de online kanalen mear unike besikers as ea.
Oerlêst en wille
De izel yn de earste wike fan jannewaris soarge trije dagen lang foar flinke oerlêst yn Fryslân. Skoallen bleaunen ticht, in soad minsken koene net op it wurk komme en it iepenbier ferfier ried net.
Mar it ekstreme waar smiet ek in soad iiswille op. Sa waard der op in soad plakken reedriden op strjitte. Yn dy trije dagen waard omropfryslan.nl hast 100.000 kear per dei opsocht. Fia mail, sosjale media en benammen Whatsapp kamen hûnderten berjochtjes, foto’s en filmkes op de redaksje binnen.
Rekôr foar Facebook
Ek de sosjale kanalen fan de omrop waarden goed besocht. Sa krige de Facebookside der tûzenen fans by en waard it heechste berik ea helle. Dat kaam fansels troch de izel, mar ek troch it Bynt-fragmint fan de frou dy’t live op telefyzje boarstfieding joech oan har dochterke. Dat filmke gie ‘viral’, berikte hast 900.000 minsken en soarge al mei al foar 25.000 reaksjes.
It gebrûk fan de online kanalen fan Omrop Fryslân (websides, app en sosjale media) nimt noch alle moannen ta. Sa wie der yn jannewaris ek flinke groei foar Skoal.tv, de webside foar skoallen, en de argyfside Weromrop.nl.