Provinsje praat tiisdei oer maatregels by REC yn Harns

02 feb 2016 - 11:17

Deputearre steaten beprate tiisdei oft se maatregels nimme sille by de ôffaloven REC yn Harns, nei oanlieding fan de steuring begjin oktober en de ferhege dioksine-útstjit. De provinsje hat de reststoffe-enerzjysintrale in miljeufergunning jûn en moat dus besjen oft de ôffaloven him oan dy fergunning hâldt.

Mooglik komt der in ûndersyk en in plan om sokke ferhege útstjit tenei foar te kommen. De direksje fan Omrin seit dat der maatregels nommen binne.

Steuring

In steuring yn de ferbaarningsynstallaasje op 1 en 2 oktober soarge foar in ferhege útstjit fan dioksine, yn desimber kaam dat oan it ljocht. De oarsaak wie in te lege ferbaarningstemperatuer fan it ôffal.

Neffens de GGD hat der gjin gefaar west foar de folkssûnens. Dochs sizze in húsdokter en in ferloskundige yn Harns dat ynwenners fan Harns en wurknimmers fan de REC harren soargen meitsje oer de sûnens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)