Plysje makket ein oan fjochtpartij yn AZC Burgum

02 feb 2016 - 10:31

De plysje hat moandeitejûn in rûzje op it terrein fan it asylsikerssintrum yn Burgum delbêde. De plysje krige in melding dat twa groepen asylsikers rûzje meielkoar hiene. Dêrby soe ek slein wêze. De plysje helle de fjochtersbazen útmekoar.

Der binne gjin minsken oanhâlden en der is ek gjin oanjefte dien. It COA hat wol in groep minsken oerpleatst nei in oar asylsikerssintrum om problemen tenei foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)