Fjouwer Grinslanners oerfalle man yn Kollumersweach

De plysje hat tiisdeitemoarn op de dyk tusken tusken Feanwâlden en Quatrebras fjouwer oerfallers út Grinslân oanhâlden. De manlju hiene earder yn Kollumersweach in 44-jierrige man oerfallen. Dy rûn moarns om 4 oere hinne fan syn hûs nei syn auto, doe't ynienen de oerfallers opdûkten.
Se hiene bivakmûtsen op en brûkten pepperspray. Doe't it slachtoffer hurd begûn te razen, naaiden de fjouwer út. Se namen de kuolboks fan de man mei. De plysje wist de manlju letter oan de kant te setten.
Yn harren auto fûn de plysje de stellen kuolboks en bivakmûtsen werom. Wêrom't de fjouwer manlju, twa Grinzers fan 23 en 28 jier en twa 23-jierrige manlju út Appingedam, it op de man foarsjoen hiene, is net dúdlik.
Se sitte fêst foar fierder ûndersyk.