Loftmachtdagen wike net, doarpsfeest Goutum wike ferpleatst

02 feb 2016 - 09:59
  • Loftmachtdagen Fleanbasis Ljouwert

It doarpsfeest fan Goutum is in wike ferskood. It die bliken dat it doarpsfeest 'Goutum Stoke City Live' tagelyk hâlden waard mei de Iepen Loftmachtdagen op de fleanbasis fan Ljouwert. De organisaasje fan it doarpsfeest hie it ministearje fan Definsje neffens de doarpskrante Goutumer Diggelfjoer noch frege om de loftmachtdagen mar te ferskowen, mar der is definsje net op yngien.

De gemeente frege de feestkommisje dêrnei freonlik om dan it doarpsfeest mar te ferpleatsen. Der hie de kommisje begryp foar.

It doarpsfeest duorret no fan 16 oant en mei 18 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)