Set Den Haach de nije Regionale Publieke Omroep troch?

It is tiisdei in spannende dei foar Omrop Fryslân. Tiisdeitejûn fynt de stimming oer de nije mediawet plak yn de Earste Keamer. As der ynstimd wurdt mei de mediawet, betsjut dat dat Omrop Fryslân mei yngong fan 1 jannewaris 2017 ûnderdiel wurdt fan de op te rjochtsjen Regionale Publieke Omroep RPO.
De nije organisaasje krijt de opdracht om alle regionale omroppen gearwurkje te litten en om de ynboekte besuniging fan 17 miljoen euro mei yngong fan 2017 te realisearjen.
De mooglike mearderheid betsjut net dat eltsenien achter de nije mediawet fan Dekker stiet. Benammen CDA (Atsma) en OSF/FNP (Ten Hoeve), mar ek SP en GrienLinks binne en bliuwe tige kritysk.
Oer Omrop Fryslân hat Dekker tasein dat hy hjir apart ôfspraken oer meitsje sil mei de provinsje Fryslân. Dy joech ferline wike al oan dat it ree is om ekstra jild yn in selsstannige Omrop Fryslân te stekken. De provinsje en Dekker sille dêr meikoarten fierder oer prate.