Wommels praat oer needopfang asylsikers

01 feb 2016 - 22:51
  • Byprate oer needopfang yn Wommels
  • Ferslachjouwer Timo Jepkema fan Omrop Fryslân

Yn it gemeentehûs fan Littenseradiel yn Wommels koene bewenners moandeitejûn prate oer in needopfang foar flechtlingen oan de râne fan it doarp. It COA wol, wannear't der oerienstimming oer berikt wurdt, op syn minst 200 flechtlingen ûnderbringe yn it eardere Resi Wooncentrum. Foar de gemeente is dat tagelyk ek it maksimale tal.

Húsdokters yn de gemeente uterje harren soargen oer de sûnensscreening fan de asylsikers. Sûnder dat binne der grutte risiko's foar de folkssûnens, sei húsdokter Jan Willem Meerdink.

Guon ynwenners yn it doarp hiene krityk op de gemeente Littenseradiel om't sy yn de media lêzen moasten dat der mooglik in opfanglokaasje komt. Boargemaster Johanneke Liemburg wie it dêr net mei iens. Neffens har binne direkte omwenners op de hichte brocht en koenen de oare ynwenners fan it doarp op de webside fan de gemeente de meidieling fine. De boargemaster tinkt dat, as der in fergunning ferliend wurdt, en der oerienstimming is, de needopfanglokaasje al oer in pear moannen yn gebrûk naam wurde kin. Undernimmers yn de direkte omjouwing hawwe grutte soargen oer de komst fan asylsikers nei Wommels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)