Fjouwer jier selstraf easke foar oerfal op snackbar yn Grins

Justysje © Omrop Fryslân
Tsjin in 22-jierrige man út Ljouwert is in selstraf easke fan fjouwer jier foar de oerfal op in snackbar yn Grins. De Ljouwerter soe tegearre mei in 21-jierrige Grinslanner de saak oerfallen hawwe. Tsjin de fertochte út Grinslân is oardel jier sel easke.
De twa fertochten soenen op 1 oktober 2014 ûnder bedriging fan in mes de snackbar berôve hawwe. Se makken 460 euro bút. Troch in anonime tip koene de manlju oppakt wurde troch de plysje. Oer twa wiken docht de rjochter útspraak yn 'e saak.