Friezen kinne meiprate oer taal, kultuer en sport

01 feb 2016 - 21:48

Friezen kinne tiisdeitejûn meiprate oer hoe't de provinsje omgean moat mei taal, kultuer, ûnderwiis en sport. De provinsje organisearret in gearkomste yn De Kânselarij yn Ljouwert, mei as doel om sa folle mooglik ynformaasje te krijen foar de nije provinsjale beliedsnota.

De besteande nota kultuer, taal en ûnderwiis rint ein dit jier ôf. De provinsje set dêrom no útein mei de perioade 2017-2020. Foar it earst wurdt ek sport opnaam.

Yn de gearkomste wurdt in taljochting op it proses jûn en de útgongspunten útlein foar it nije provinsjale belied. Der is ek in protte romte foar diskusje, seit Elly van der Goot fan de provinsje Fryslân, dy't de jûn liede sil.

Trefwurden: 
provinsjale beliedsnota
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)