Start Eneco Tour dit jier wer yn Boalsert

In eardere edysje fan Eneco Tour yn Boalsert © Martin de Jong
De start fan de hurdfytswedstriid Eneco Tour is dit jier opnij yn Boalsert. Dat hat de organisaasje moandei bekend makke. De earste etappe is op 19 septimber, mei start en finish yn de stêd Boalsert. In dei earder, op snein 18 septimber, is dêr de ploegepresintaasje en in grutte fytstoertocht. De Eneco Tour, de iennige etappekoers yn de wrâldtoer troch Nederlân en België, duorret in wike.
Ferline jier starte de Eneco Tour ek yn Boalsert.