Driezum: "Sachi Singh en har mem moatte bliuwe"

'It is fiif foar tolven yn de aksje om de 18-jierrige Sachi Singh en har mem Rajnish fan Driezum yn Nederlân te hâlden". seit Jouke Dantuma fan it aksjekomitee Verblijfsvergunning familie Singh. Begjin jannewaris kaam nei bûten dat útsetting driget foar mem en dochter. En dan ek noch elk nei in oar lân: mem nei Yndia en de dochter nei Suriname. Se wenje hast tsien jier yn Nederlân.
Dantumadiel hat sawol amtlik as polityk alle war dien om in ferbliuwsfergunning te regeljen, mar oant no ta om 'e nocht.
Boargemaster Heldoorn komt no sels mei in tredde saneamde 'boargemastersbrief'. Dêr sil dan ek Sachi's skoalle, it Dockinga College yn Dokkum, op ynspringe. Fierder rinne der aksjes op Facebook en www.petitie.nl