Skippen kinne wer troch slûs by Koarnwertersân

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De noardlike brêge by Koarnwertersân is wer makke foar it skipfeartferkear. De skippen kinne wer troch de slûs farre. Ofrûne sneon wie der in steuring yn de noardlike en súdlike brêge troch in kabelbreuk. It ferkear en de skipfeart hiene dêr bot lêst fan.
Oan de reparaasje fan de súdlike brêge wurdt noch wurke. Skipfeartferkear kin gewoan troch de slûs mar de súdlike brêge is noch net beskikber foar autoferkear. Ferkear út beide rjochtingen moat gebrûk meitsje fan de noardlike brêge. Nei ferwachting is it wurk tiisdei klear.