Soad klachten oer WMO-ferfier, opnij swartboek oanbean

01 feb 2016 - 22:00

Foar de twadde kear wurdt in swartboek mei klachten oer it WMO-ferfier oanbean oan de gemeente Hearrenfean. De SP hat twahûndert klachten sammele, en biedt it swartboek moandeitejûn oan oan de gemeente. 

Wethâlder Jelle Zoetendal werkent de klachten oer it algemien net. It ferfier fan minsken dy't ôfhinklik binne fan taksyferfier sil opnij oanbestege wurde. Der sil in oare koers ynset wurde op it WMO-ferfier. It is de bedoeling dat de kliïnt mear frijheid kriget om sels in ferfierder te kiezen.

By de oerlanging fan it swartboek wie moandeitejûn in grutte groep WMO-kliïnten oanwêzich, benammen út Jobbegea. Wethâlder Jelle Zoetendal krige it swartboek mei klachten en oanbefelling, plus in autostjoer. It swartboek is opsteld troch in aksjegroep, in gearwurking tusken de SP en fakbûn FNV Taxi. Dy binne bliid dat de gemeente it WMO-ferfier op 'e nij oanbesteget en dêrby klanten safolle mooglik romte jaan wol in eigen taksyferfierder te kiezen. Mar tefreden binne sy noch net. De riedsleden yn de kommisje Mienskipssaken prate takom moanne ynhâldlik oer it WMO ferfier fierder. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)