Plysje siket eigener deabiten skiep by Ljouwert

01 feb 2016 - 16:27

De plysje siket de eigener fan in skiep dat deabiten is. It bist waard moandeitemoarn yn in stik greide oan de Sylsterdyk yn Ljouwert oanfallen troch in hûn. Dy wie de eigener ûntkaam doe't dy har hûnen útliet. De hûn ferwûne it skiep sa bot dat in feedokter it bist ôfmeitsje moast.

De plysje koe gjin earmerk fine en freget minsken dy't witte fan wa't de skiep oan de Sylsterdyk binne, oft se har melde wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)