Húsarts: "Serieus sûnensprobleem troch ôffaloven Harns"

Soarchferlieners yn Harns meitsje har hieltyd mear soargen oer de útstjit fan de offaloven REC. Neffens húsarts Jan Waling Huisman út Harns is der in serieus sûnensprobleem troch de útstjit fan de oven. Hy sjocht op syn sprekoere minsken mei klachten neidat der in steuring west hat. "Ze hebben dan prikkende ogen en slijmvliezen, hoofdpijn".
Ien keer hat Huisman in persoan behannele dy't sûnensklachten krige op it terrein fan de REC. Dy doarde dat net te melden út eangst om syn baan te ferliezen.
Neffens Huisman moat de polityk no syn ferantwurdelikens nimme en kieze foar de sûnens fan de boargers en net foar it jild.
Ferloskundige Sylvia von Kospoth út Harns krijt fragen fan swangere froulju by har yn de praktyk oer de ynfloed fan de ôffaloven.
Deputearre Steaten beslute tiisdei oft se optrede sille of net tjin de REC.