Argyf tikket oarlochsfoto's Tytsjerksteradiel op 'e kop

01 feb 2016 - 15:57
  • Ien fan de foto's op Ebay mei in 'Kopierschutz' oftewol in kopiearbeskerming

It gemeente-argyf fan Tytsjerksteradiel hat de hân lein op sechtsjin oant no ta ûnbekende foto's út de Twadde Wrâldoarloch. Op de foto's út 1944 stean soldaten fan de Kriegsmarine op ferskate plakken yn 'e gemeente. Oant no ta wie der mar ien foto bekend fan Dútske soldaten yn Burgum.

De gemeente kaam de foto's op it spoar troch in ynwenner fan de gemeente. Dy hie sjoen dat de foto's op ynternet te keap oanbean waarden en tipte de gemeente.

De Kriegsmarine kontrolearre yn 'e oarloch de belangrike farferbinings yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)