Sport Fryslân wol lanlik foarbyld weze foar gymnastykles

01 feb 2016 - 15:02

It provinsjale sportkennissintrum Sport Fryslân sil binnen twa wiken prate mei VVD-keamerlid Heerma. Dat seit Marije Plantinga fan Sport Fryslân. De VVD fynt dat alle bern op de basisskoalle gymnastykles krije moatte fan in profesjonele sportlearaar en dit foarstel wurdt breed stipe yn de Twadde Keamer.

Yn Fryslân wurdt al fiif jier wurke mei sa'n 55 fakdosinten op basisskoallen, fia in projekt fan Sport Fryslân. Dy hat dan ek fuortendaliks kontakt opnaam mei de Twadde Keamerfraksje fan de VVD, om Fryslân lanlik as foarbyld te stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)