Provinsje hat skjin syn nocht fan problemen op Ofslútdyk

01 feb 2016 - 14:10

It provinsjebestjoer fan Fryslân hat skjin syn nocht fan de problemen op de Ofslútdyk. Dit wykein wiene der op 'e nij grutte files, no fanwege in stikkene brêge by Koarnwertersân. Problemen dy't trouwens noch altyd net oplost binne: it ferkear út beide rjochtingen moat oer ien brêge, wat in soad opûnthâld jout. De politike druk komt ek fan de noardlike keamerleden dy't de minister hjir tiisdei ek op befreegje sille.

Neffens Twadde Keamerlid Lutz Jacobi mei it net sa wêze dat de langetermynplannen foar de Ofslútdyk it needsaaklik ûnderhâld op dit momint yn it paad stean. It provinsjebestjoer komt mei in pittige brief foar it ministearje, sa liet wurdfierder Jan Arendz witte.

Brânzj-organisaasje Transport en Logistiek Nederland is ek fan betinken dat de problemen mei de Ofslútdyk gau oplost wurde moatte. De frachtauto's fan transportbedriuwen moatte no omride, wêrtroch't se folle mear kilometers meitsje moatte en mear tiid kwyt binne.

De Ofslútdyk stiet op de nominaasje om yn 2018 oanpakt te wurden. Transport en Logistiek wol graach dat alle wurk oan mei-elkoar kombinearre wurdt, sadat de perioade fan oerlêst sa koart mooglik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)